Earste omloop Kompetysje 2012
De earste oanwêzige wie trouwens Jan Heida. Hij wie der al om tsien oer sânen en as je witte dat we om healwei achten los geane dan priuwe jo wol dat de honger nei it lytse rûne baltsje bij Jan grut is. En dat wie mei mear sa. Jenny Terpstra woe efkes har gloednije want ynslaan, Jelle Anema syn boppehânse útslach wat opskerpje en Halbe van der Valk woe efkes sjen litte dat syn ferneamde pripperkes der noch altyd binne. Om’t Jan Heida sa betiid wie en ik noch wat in it hokje oprêde moast lei hij de fjilden en koene we krekt nei healwei achten ek los. De earste kear fan it seizoen skatte ik de partijen net in likwicht in. Jelle Anema keatste mei Jenny Terpstra tsjin Jan Heida en Jan-Watze Wiersma. Sis mar de J wedstriid. Jelle en Jenny gongen der kânsleas ôf mei 5-0 en 6-0. De oare partij, wer Jente Wybren Muller, Sybren van der Meer en Jurjen Tolsma it opnamen tsjin Halbe van der Valk, Klaas van der Veen en Hans de Boer, gong it al krekt sa en wûn it lêste partoer mei dizze stân. We keatsten noch in twadde omloop en doe wie it mear in lykwicht. It wie suver tsjuster doe’t de partij út wie. Mar we ha moai keatst en der giet it om. Takom wike is it 4 maaie. W geane dan net te kompetysje keatse. Dat dogge we op 11 maaie wol wer en dan is de lêste kâns foar dat de earste ledepartij los giet. We begjinne om 19.30 oere.
Geplaatst op 28 April 2012